34-jierrige Ferwerter langer fêst foar geweld en brânstichting yn Dokkum

14 jun 2020 - 16:10

De 34-jierrige Ferwerter dy't fertocht wurdt fan it besykjen ta deaslach en brânstichting yn de wente oan De Schans yn Dokkum, bliuwt 60 dagen langer fêst sitten. Dat is troch de rjochter-kommissaris freed besletten.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Wannear't de fertochte foarkomme moat by de riedkeamer is noch net bekend.

Brân

Yn de nacht fan 26 op 27 april waard in frou fan 29 út in hûs helle dat yn 'e brân stie. Sy wie swierferwûne. Net troch de brân, mar troch geweld. Dêrfoar is de fertochte fan Ferwert oanholden, in bekende fan de frou. Sy wie mei har dochter fan 3 jier noch yn de wente. De brânwacht koe de frou en har dochter út it hûs wei rêde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)