Gaos yn sporthal Tsjummearum: "Der hat sels ien tsjin de muorre skiten"

14 jun 2020 - 16:01

"Alles lei oer de harsens, it wie ien grutte gaos." Behearder Gerben van der Mei fan de sporthal yn Tsjummearum wist net wat hy seach, doe't hy op oantrúnjen fan de plysje by de hal oankaam sneintemoarn. "Der leine grutte en lytse matten bûtendoar, it wapene glês lei yn tûzenen stikjes op de grûn en ferskate tastellen leine oeral ferspraat op 'e grûn."

Neffens Van der Mei ha de dieders wol in oere binnen west. "Se binne binnenkaam troch in doar iepen te brekken. Binnen ha se der in grutte binde fan makke, en der hat sels ien tsjin de muorre oan skiten. It is ferskriklik."

De behearder hat gjin idee hoe grut de skea is, mar sprekt fan in binde. "Alle rûten binne stikken slein mei kegels en al it spul út de sportseal is oer de kop helle. It is eins net te beskriuwen." De sporthal wurdt op dit stuit net brûkt yn ferbân mei corona, en soe al sloopt wurde.

Oanjefte

De technyske resjerzje hat al ûndersyk dien, en Van der Mei sil oanjefte dwaan by de plysje. Kommende wike sil hy om tafel mei de wenningboustichting, dy't eigener fan de hal is. Ek sy sille oanjefte dwaan. Van der Mei hopet allinnich dat it net safier hoecht te kommen, mar dat de dieders harren út eigen beweging melde.

Gerben van der Mei fan de sporthal

(advertinsje)
(advertinsje)