Besikerssintrum Hegebeintum wurdt sloopt

14 jun 2020 - 13:51

It ferâldere besikerssintrum yn Hegebeintum wurdt ferfongen troch nijbou. De sloop fan it gebou set woansdei útein, meldt Stichting TERP Hegebeintum.

Besikerssintrum Hegebeintum - Foto: Stichting TERP Hegebeintum

Kommende wike wurdt der ek begûn mei archeologysk ûndersyk op de lokaasje. De stichting hopet dêrmei nije ynformaasje te krijen oer de skiednis fan de heechste terp fan Nederlân.

De sloop fan it besikerssintrum is yn hannen fan it bedriuw Gebroeders Folkertsma út Ginnum. It nije besikerssintrum is nei alle gedachten yn de maitiid fan 2021 klear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)