Amearika-korrespondint Jan Postma yn Washington: "De afgelopen weken waren bizar"

14 jun 2020 - 20:03

It wie echt bizar en hy hat it noch nea meimakke sa't it de ôfrûne wiken gie yn Washington. Korrespondint foar BNR en De Telegraaf Jan Postma, opgroeid yn Hurdegaryp, hat tropemoannen achter de rêch en it liket der net op dat it de kommende moannen echt rêstiger wurdt.

Foto: Jan Postma

Postma wie doe't er jonger wie al bot ynteressearre yn Amearika. Hy studearre Amerikanistyk en die dat ek in semester yn de steat Michigan. Dêrnei wurke hy jierren foar BNR yn Amsterdam. Fan dêrút waard hy úteinlik korrespondint yn Washington. No wennet hy op tsien minuten rinnen fan it Wite Hûs. Sûnt twa jier wurket hy dêr as korrespondint. De ôfrûne wiken wiene heftich mei in hiel soad protesten, in presidint dy't it leger ynsette woe en rellen. Behoarlik pittich foar sjoernalisten om harren wurk goed te dwaan.

"De sfeer was heel gespannen"

Op dit stuit is it in stik rêstiger yn Washington wat de demonstraasjes en protesten tsjin rasisme oanbelanget. De ôfrûne wiken wiene neffens Postma bizar. Soks hat hy noch nea earder sjoen yn de Amerikaanske haadstêd: "Overal waar je keek waren politie en militairen. De sfeer was heel gespannen."

It wurk fan in sjoernalist is dan ek dreech. By de demonstraasjes wol in sjoernalist der tuskenyn stean om te sjen en te hearren wat der bart, mar dat is somtiden ek gefaarlik. It is foaroan stean en dochs ek foarsichtich wêze, fertelt Postma. Neffens him wurdt der altyd spul makke oer de wierheid yn Amearika. Presidint Trump docht dêrby in behoarlike duit yn it sekje. En dus is it fan belang dat je derby binne om te ferifiearjen wat der echt bart.

Foto: Jan Postma

De ferhalen fan de demonstranten binne neffens Postma faak oangripend. Se meitsje echt diskriminaasje mei en binne der mei in reden oan it demonstrearjen. Dan mept de plysje der somtiden op yn en is de fraach: wêrom? Mar nachts binne der oarsoartige protesten mei fernielingen en geweld. Dat is dan wer de oare kant fan it ferhaal.

Trump en syn tweets

Korrespondint wêze yn Amearika is moarns wekker wurde en Twitter iepenje. Om te sjen wat de presidint no wer tweete hat. Dan witte je neffens Postma wêr't it dy dei oer giet. Hy besiket it somtiden ek wol te negearjen, mar Trump is de presidint en ien fan de machtichste minsken op de wrâld, dus dan moatte je der faak dochs wat mei.

Dochs moatte je neffens Postma ek net tinke dat de ynfloed fan syn tweets sa grut is. Der binne ek mominten dat der neat mei dien wurdt en der eigen ferhalen makke wurde.

Foto: Jan Postma

De ôfrûne moannen wiene behoarlik hektysk. Der liket ek noch gjin ein oan te kommen. De ferkiezingen yn novimber komme deroan. Trump hat yn de peilingen op it stuit in behoarlike achterstân op syn konkurrint Joe Biden. Mar neffens Postma kin it aanst samar wer oars wêze.

Novimber duorret noch lang en der kin noch in hiel soad barre. Hy achtet de kâns reëel dat Trump dochs wer fjouwer jier oan de macht komt. "Trump kan een verhaal heel goed draaien. Aan de ene kant is november heel dichtbij, maar ook heel ver weg. Er kunnen nog dingen gebeuren waardoor we straks denken: die rellen bij het Witte Huis, wat was dat ook alweer?"

Jan Postma by in demonstraasje yn Washington - Foto: Jan Postma

De protesten hjir folget Postma ek. Dy hawwe him wol fernuvere: dat se fan Amearika nei Europa en Nederlân oerslein binne. Neffens him binne Amerikanen dêroer ek fernuvere, mar fine se it wol moai.

Foar Jan Postma hâldt it dus foarearst net op. Soms hawwe hy en syn kollega's wol it idee dat se efkes op azem komme moatte, mar dan is der alwer in folgjend ferhaal. It korrespondintskip befalt goed. Oft hy it noch tweintich jier dwaan wol, wit hy net, mar tsien jier tinkt hy wol. Ek Nederlân is moai, fynt Postma, dus miskien dat dat yn de takomst dochs wer syn wenplak wurdt.

Fryske korrespondint Jan Postma oer de protesten en it wurkjen yn Washington

It ynterview mei korrespondint Jan Postma wurdt útstjoerd yn ús programma Buro de Vries. Dat is sneins fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûns kinne je it programma nochris beharkje om 21.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)