Aksjegroepen hingje spandoeken tsjin oardel meter op yn Drachten

Twa aksjegroepen ha de ôfrûne nacht yn Drachten en omkriten mei spandoeken en ballonnen oproppen ta ferset tsjin de oardelmeterekonomy.
© De Vries Media
De groepen, dy't harsels 'DeBuren' en 'Vrij Normaal' neame, sizze dat de media de klam te folle op corona lizze. Se fine it tiid om werom te gean nei it normale libben.
Yn en om Drachten ha se 31 spandoeken ophongen, faak mei it wurd 'liefde' deryn. Boppedat binne der troch de hiele provinsje hinne sa'n 500 ballonnen ophongen, sa as yn Wolvegea en Sint-Anne.