Lês hjir hoe't it antyrasismeprotest yn Ljouwert sneon ferrûn

13 jun 2020 - 20:30
  • Op "De Bult" yn it Rengerspark yn Ljouwert is sneon in antyrasismeprotest
  • Yn it park binne markearrings set, sadat minsken oardel meter ôfstân hâlde kinne
  • De gemeente hat de tagong ta it park yntusken ôfsletten
  • It protest duorret fan 18.00 oant 19.30 oere, mar der is romte foar útrin nei 20.00 oere
20:22
Demonstraasje is dien

It protest yn it Rengerspark is krekt, hast in oere letter as de bedoeling wie, ôfrûn. Tige tank foar it folgjen fan dit liveblog.

20:15
Protest yn Rengerspark rint op syn ein

Hoewol't der noch hieltyd minsken op it poadium oan it wurd komme, binne in soad minsken nei hûs. It liket derop dat it protest yn Ljouwert op syn ein rint.

20:08
Gjin oanhâldingen by demonstraasje, wol minsken tsjinholden

De plysje hat sneontemiddei by it protest yn it Rengerspark gjin minsken oanholden. Wol seit boargemaster Sybrand Buma dat der tsientallen minsken, dy't nei it park ta woene, tsjinholden binne. It soe dêrby gean om minsken út de hurde kearn fan SC Cambuur, mar ek om minsken dy't sympatisearre mei de saneamde Blokkearfriezen.

Sybrand Buma

19:41
Sa sjocht it protest der oant no ta út yn it Rengerspark

Gearfetting fan it protest oant no ta

19:44
Organisaasje grypt yn by dûnsjende minsken

By ien fan de optredens wurde guon minsken wat té entûsjast. Sy dûnsje en springe by it poadium, mar ferjitte dêrby om oardel meter ôfstân fan inoar te hâlden. De organisaasje grypt yn foar it út de hân rinne kin.

19:30
Demonstraasje rint út

De demonstraasje soe oant 19.30 oere duorje, mar der binne noch in pear sprekkers te gean. Der is dus wat útrin yn it programma.

19:20
Demonstraasje ferrint rêstich neffens gemeente

De gemeente Ljouwert lit witte dat de demonstraasje yn it Rengerspark oant no ta rêstich ferrint. Ek yn de stêd giet alles goed. Der binne gjin minsken oanholden troch de plysje. Wol hat der in brêge efkes iepen stien om minsken tsjin te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)