Húskes op camping wer iepen, mar bûtenlânske gasten bliuwe fuort

13 jun 2020 - 16:51

De camping-eigeners ha even wachtsje moatten, mar fan takom moandei ôf meie de húskes en dûsen wer gewoan iepen. Sa kinne de eigeners lang om let wer mear gasten ûntfange. Dochs bliuwe in protte bûtenlânske gasten fuort. Troch de coronakrisis komme Dútsers en Belgen net mear, wylst dy gewoanwei yn dizze perioade yn ús lân te finen binne. Der binne in soad boekingen annulearre.

"Mar gelokkich komme der no just wer mear Nederlanners," seit camping-eigener Fokko Eybergen. "Dy kinne sels ek net nei it bûtenlân."

De camping yn Sumar hie dit wykein in reservearring stean om't it in frij wykein in Dútslân is. No binne dy plakken lykwols leech op it griene fjild fan de camping. "We gaan al jaren naar Frankrijk en Spanje," sizze Leen en Joke van Os wylst se dwaande binne harren tinte op te bouwen. Sy komme út IJmuiden en soene trije moannen nei it suden fan Europa. "Ik ben net gestopt met werken," seit Leen. "Dus werd het een grote ronde, maar dat is nu allemaal anders. We vermaken ons hier ook wel, want we kunnen fietsen en winkelen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By de camping in Sumar wurde de buordsjes fan de húskes helle. Der stie op dat se ticht wiene, mar nei moandei binne se wer iepen. Camping-eigeners woene dit al langer, om't it foar minsken gjin dwaan is as se net nei de wc kinne. Allinnich toeristen mei in eigen sanitêre foarsjenning koene nei in camping.

No binne der mear toeristen wolkom. "Toch wringt het hier en daar wat", begjint Fokko Eybergen syn ferhaal wylst hy oer de camping rint. "We hebben ook horeca en daar moet je die afstand houden. Op de camping zelf is dat prima te doen, maar in het restaurant wordt dat moeilijk. Je mag wel in de supermarkt vrij rondlopen, maar in de horeca tellen allemaal regels. Dat is voor ons geen werken."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Op in fjild fierderop sitte Ad en Yvon Brand yn de sinne oan de kofje. Sy komme út Amersfoort en soene nei Spanje op fakânsje. "In Friesland kunnen we nu de schade inhalen", laket Ad Brand. "We houden van historie en kunnen hier de oude panden bezoeken. Dat maakt een hoop goed."

It waar wurdt neffens Ad Brand wol bot mist. De sinne yn Spanje is krekt wat waarmer. "Maar als het regent zijn we zo thuis," seit Yvon. "Dat is een voordeel."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie op in camping yn Sumar

(advertinsje)
(advertinsje)