Ko nimt frou op de hoarnen en skansearret twa auto's nei ûngelok yn Droegeham

13 jun 2020 - 16:15

Op it Noarderein yn Droegeham is sneontemiddei in hynstekarre mei dêryn in ko yn de feart telâne kaam. Nei't de ko befrijd waard, ûntkaam hy wêrby't in efterfolging ûntstie. By dy efterfolging skansearre de ko twa auto's.

It brânwachtkorps fan Droegeham waard ta assistinsje oproppen om it bist te befrijen. It slagge binnen inkelde minuten om de ko derút te krijen, wêrnei't hy ûntkaam. De brânwachtminsken en foarbygongers gienen hjirop yn de efterfolging.

De ko skansearre by dy efterfolging twa auto's. Doe't de ko hast ûnder kontrôle wie, botste de ko noch tsjin in frou dy't dêrby op har knibbels foel. De ko waard úteinlik mei in oare feekarre ophelle.

Hoe't de karre losreitsje koe, is net bekend. Mooglik siet de oanhinger net goed fêstkeppele.

Trefwurden: 
ûngelok ko Droegeham
(advertinsje)
(advertinsje)