Gjin ekstra jild foar needfûns foar Waadeilannen

13 jun 2020 - 15:23

It gearwurkingsferbân fan de Waadeilannen kriget gjin 38 miljoen euro fanwegen de gefolgen fan de coronakrisis. Grutste argumint dêrfoar wie dat de eilannen folle hurder rekke binne troch de krisis as oare regio's yn ús lân. Mar steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken giet dêr net yn mei.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

'Deze problematiek is echt breder dan alleen het Waddengebied. Ook andere regio's, zoals Zeeuws-Vlaanderen en Zuid-Limburg, ervaren deze problematiek', sa seit Keijzer. Boppedat fynt se dat der genôch besteande regelingen binne foar ûndernimmers.

Folle minder toeristen

Benammen it feit dat de eilannen ôfhinklik binne fan toerisme bringt de leefberheid yn gefaar, sa wie it argumint fan de fiif Waadeilannen. "Wij verwachten een halvering van het aantal toeristen in 2020 ten opzichte van 2019", sa sei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach as foarsitter fan it gearwurkingsferbân.

Om't fearboaten noch hieltyd folle minder passazjiers oan board meinimme kinne, is it de ferwachting dat it tal toeristen leger bliuwt as gewoanwei. Der is eangst dat de leefberheid fan de eilannen yn gefaar komt as bedriuwen yn de toeristyske sektor fallyt gean. "Omdat er geen alternatieve werkgelegenheid op de eilanden beschikbaar is vertrekken werkzame gezinnen dan naar de vaste wal. Voorzieningen als scholen of de zorg worden dan in hun voortbestaan bedreigd", stie yn de brief nei Den Haag.

Wol in taskforce gastvrijheidseconomie

"Het kabinet heeft inmiddels een tweede steunpakket voor banen en economie opengesteld, dat erop is gericht om de economie en banen in Nederland in de benen te houden. Ook ondernemers in het Waddengebied moedig ik aan daar een beroep op te doen", sa lit de steatssekretaris witte. It ministearje is wol dwaande mei in saneamde 'taskforce gastvrijheidseconomie'. Dy moat him rjochtsje op de koarte en lange termyn foar de takomst foar de hoareka yn Nederlân. Ek sil Keijzer noch yn petear mei de eilannen oer it ferlingjen fan it seizoen, en rommere iepeningstiden foar ûndernimmers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)