Jaleesa Schiphorst oer anty-rasismeprotest: "Zwarte gemeenschap meer in beeld krijgen"

De swarte mienskip yn Fryslân moat sichtberder wurde, fynt Jaleesa Schiphorst fan de organisaasje fan de anty-rasismedemonstraasje yn Ljouwert. "De zwarte gemeenschap in Leeuwarden en Fryslân is heel groot, maar toch zien we ze heel weinig in beeld. Dat willen we meer in beeld proberen te krijgen."
BLM demo Jaleesa Schiphorst
Neffens Schiphorst is ek it byld dat minsken bûten Fryslân ha net realistysk. "Ook vanuit de Randstad denken ze dat hier alleen maar witte mensen wonen, maar dat is helemaal niet zo. Het lijkt me heel mooi om dat beeld realistischer te maken."
Schiphorst sjocht dêrom út nei de demonstraasje sneontejûn yn it Rengerspark, mar fynt it ek spannend. "Er was een tegendemonstratie gepland, maar die is afgelast. Dat heeft toch wel voor een beetje spanning gezorgd binnen de organisatie. Maar we hebben er wel heel veel zin in."
Jaleesa Schiphorst © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der kinne maksimaal 2.000 minsken demonstrearje by 'De Bult' yn it Ljouwerter park. De organisaasje hat ferskate maatregels nommen om it protest feilich ferrinne te litten. Sa binne der mei spesjale ferve stippen pleatst op it fjild. "Daardoor kan iedereen anderhalve meter afstand van elkaar houden en daar gaan we ook zeker op controleren en we proberen te handhaven", seit Schiphorst.
En as it needwaar wurdt, foar sneontejûn wurde der tongerbuien ferwachte, leit der in evakuaasjeplan. Minsken kinne skûlje yn de gebouwen fan hegeskoalle NHL Stenden, flakby it Rengerspark.
Jaleesa Schiphorst