Hoareka hat problemen mei oardel meter: "Ik lykje wol in skoalmaster"

13 jun 2020 - 12:53

Hoarekasaken geane hieltyd faker ticht út eangst foar in boete. Undernimmers wurde ferplichte om gasten op oardel meter fan elkoar te hâlden, mar dat slagget yn de measte gefallen net. Sy kinne dan in boete fan 4.000 euro krije en guon ûndernimmers dogge dêrom de duorren wer ticht.

Kafee Scooters oan it Ruterskertier yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Wy slute de tinte net, mar it is hiel muoisum om sa te wurkjen en foar it publyk is it hiel muoilik te begripen," seit Ton Eijer, eigener fan kafee Scooters yn Ljouwert. "Wy binne kuddebisten mei mekoar, dan is ôfstân hâlde best muoilik."

In soad gasten yn de hoareka hâlde harren net goed oan de maatregels, dêrom moatte meiwurkers minsken faak wize op de regels. "Je lykje wol in skoalmaster, of in plysjeman," seit Eijer.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Ton Eijer fan kafee Scooters

Gemeente Ljouwert hat wol begryp foar de sitewaasje, fertelt Eijer. "De gemeente is net direkt mei boeten dwaande, want se begripe dat it lestich is." In boete is lykwols net útsluten en dat kinne in soad hoarekasaken finansjeel no net opbringe. "Dat is net te dwaan, foar de measte ûndernimmers is it hoopjen dat je de fêste lêsten betelje kinne."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ek by Het Wapen van Leeuwarden is der in fragelist foar't minsken nei binnen meie, seit eigener Herman van Cleef. "We stellen ze vragen, of ze fit zijn, dat soort dingen allemaal. Als ze niet gezond zijn, mag ik ze niet binnenlaten. Daar is niks aan, je voelt je een politie-agent in je eigen bedrijf. Je bent alleen maar aan het handhaven."

It terras fan Het Wapen is in stik grutter wurden, en is ûnderdiel fan de grutte terrassen op it Saailân. "De 70-plussers lappen de regels het meest aan hun laars. Ze weten het wel zeggen ze, en drukken mij dan aan de kant. Maar zo werkt het natuurlijk niet."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust seach ek by Het Wapen van Leeuwarden

(Advertinsje)
(Advertinsje)