Coronamaatregels by soarchsintrum Foswert yn Ferwert te strang neffens jurist

13 jun 2020 - 12:40

De coronamaatregels by wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert binne fierstente strang en de foarsitter fan de Veiligheidsregio yn ús provinsje, boargemaster Sybrand Buma, soe yngripe moatte. Dat fynt Brenda Frederiks, jurist sûnensrjocht en ûndersiker by it Amsterdam UMC. Sy is by dizze kwestje belutsen rekke troch famyljeleden fan bewenners fan Foswert.

Wensoarchsintrum Foswert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ferline wike is de kliïnteried fan it soarchsintrum opstapt fanwege de minne kommunikaasje mei de direksje. Se wiene lilk oer de strange regels dy't der yn de soarchynstelling jilde en om't se dêr gjin ynspraak oer hân hawwe. Frederiks fynt it begryplik dat de kliïnteriied opstapt is. "Ik kan het wel begrijpen, als je niet gehoord wordt. Juridisch is het zo dat een directie al deze stappen aan een cliëntenraad moet voorleggen."

Famylje fan bewenners fan Foswert sizze dat de besikersregeling stranger is as de rjochtlinen fan it RIVM en de brânsjorganisaasje fan soarchynstellingen. De direksje fan Foswert ûntstriidt dat en seit ek dat der wol oerlein is mei de kliïnteried. De doarren fan de soarchynstelling sitte foar bewenners noch hieltyd op slot. Wol komt der wat ferromming wat de besyktiden en besikers oanbelanget.

Net alle kliïnten gelyk

Neffens jurist Frederiks binne de maatregels fierstente strang. "Ik snap het wel, maar als er geen besmettingen zijn. Ook zeker nu met de huidige ontwikkelingen: er zijn allerlei beschermende middelen, je kunt getest worden. En bovendien, wat bij deze casus heel belangrijk is, niet alle cliënten zijn hetzelfde."

Yn Foswert sitte minsken dy't har hiel goed oan de coronamaatregels hâlde kinne, seit Frederiks. "Natuurlijk, het zijn allemaal mensen die kwetsbaar zijn, maar er zitten heel veel verschillen tussen. Ik denk dat je daar nu wel heel goed naar moet gaan kijken. Het wordt nu wel schrijnend. We zijn al drie maanden verder."

Yn petear bliuwe

Se advisearret de famylje fan de bewenners fan Foswert yn petear te bliuwen mei de direksje. "Eens even je stem laten horen. Je mag natuurlijk ook een klacht indienen. Alleen het lastige is dat een instelling daar zes weken de tijd voor heeft om te reageren en dat gaat wel lang duren." In nije kliïnteried is der noch net, mar as dy der komt, moat dy de druk opfiere, seit Frederiks.

Ek sjocht se in rol foar de foarsitter fan de Veiligheidsregio om yn te gripen yn dizze kwestje. "Maar ook wel de minister en misschien ook wel de inspectie. Dat die moet zeggen, alles horende: er moet nu wat actie gaan komen in het huis."

Brenda Frederiks, jurist sûnensrjocht en ûndersiker by it Amsterdam UMC

Kliïnteried Foswert opstapt om minne kommunikaasje

De kliïnteried fan wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert is opstapt fanwegen de minne kommunikaasje mei de direksje fan Foswert. Dat befêstiget âld-foarsitter Wieger Zoodsma fan de ried. Direkte oanlieding foar him om syn funksje del te lizzen wie dat der in besikersregeling mei it each op it coronafirus makke wie, sûnder dat dêr oer oerlein wie mei de kliïnteried. Neidat de foarsitter syn funksje dellein hie, diene de oare leden fan de kliïnteried dat ek. Neffens âld-foarsitter Zoodsma is it folle faker bard dat de kliïnteried net belutsen waard by besluten fan de direksje fan Foswert. Dat is wetlik wol ferplichte.

Famylje fan bewenners fan Foswert hat de publisiteit socht oer de besikersregeling. Dy is neffens har stranger as de rjochtlinen fan it RIVM en de organisaasje fan soarchynstellingen. De direksje fan Foswert ûntstriidt dat en seit ek dat der wol oerlein is mei de kliïnteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)