Omrop TIP: Te rie by Us Heit

It is 400 jier lyn dat stedhâlder Willem Lodewijk ferstoar, 'Us Heit' foar de Friezen. Wat kin de hjoeddeiske maatskippij yn coronatiid leare fan in 17e-iuwske regint? Fryslân DOK giet 'Te rie by Us Heit'.

Briljant militêr strateech

Mei syn neef Maurits boude stedhâlder Willem Lodewijk van Nassau-Dillenburg yn de 17e iuw it nije Nederlân op, dat ûntstie yn de Tachtichjierrige Oarloch. Willem Lodewijk wie in briljant militêr strateech, dy't deryn slagge de oermachtige Spanjerts te ferdriuwen út de noardlike gewesten fan de Republyk. Hy fernijde it bestjoer yn it Noarden en rjochte universiteiten op yn Frjentsjer en Grins.
© Omrop Fryslân
It wie in tiid fan gaos en ûnwissens. Dochs toande hy him in goede lieder troch in dúdlike eigen koers te farren, wylst hy tsjinstelde belangen en stridende partijen yn har wearde liet. Willem Lodewijk groeide út ta in steatsman mei in geweldich moreel gesach. Sa grut, dat hy 'Vader des Vaderlands' waard foar de noarderlingen: Us Heit.

Syn betsjutting no

Hjoed-de-dei witte net folle Friezen mear wa't Willem Lodewijk wie. Is der dan gjin ferlet mear fan sa'n liedsman? Of lit in coronafirus sjen dat der yn tiden fan krisis krekt wól in lieder mei grut moreel gesach nedich is?
Yn de Fryslân DOK 'Te rie by Us Heit' siket histoarikus Josse Pietersma nei de betsjutting dy't Willem Lodewijk just no hawwe kinne soe.
Fryslân DOK: 'Te rie by Us Heit'