KNMI ferwachtet swiere tongerbuien: koade giel foar Noardeast-Nederlân

13 jun 2020 - 10:39

It KNMI hat koade giel ôfjûn foar Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. Der wurde sneontemiddei yn it noardeasten fan Nederlân swiere tongerbuien ferwachte, mei hagel, in soad rein en wynstjitten oant 60 kilometer de oere. Op in soad plakken yn it lân wurdt it sneon waarm en de temperatuer kin oprinne oant 30 graden.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens waarman Piet Paulusma komt der letter op de sneontemiddei wol mear bewolking, mar bliuwt it nei alle gedachten oant de jûn drûch. Yn de jûn en nacht is der wol kâns op swiere tongerbuien. Ek snein is der kâns op (swiere) tongerbuien.

Paulusma jout foar snein in warskôging foar it ferkear, en ek foar de wettersport om betiid de havens op te sykjen.

(advertinsje)
(advertinsje)