Net mear as 2.000 minsken by BLM-demonstraasje: "Dat is echt de max"

13 jun 2020 - 10:21

Der kinne sneon maksimaal 2.000 minsken nei de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert komme. Dat seit produsint fan it protest Jan Gaastra. Mear minsken wurde ek net talitten yn it Rengerspark.

Foto: ANP

Gaastra ferwachtet goed 1.500 minsken by it protest. "Mijn eigen gevoel zegt richting de 1.500, maar 2.000 is echt de max. Meer kunnen we volgens de Covidregels niet kwijt."

Mochten der wol mear minsken komme wolle, dan kinne sy it Rengerspark net mear yn, fertelt Gaastra. "Die kunnen het terrein dan niet meer op en zullen dan op een andere manier moeten kijken, bijvoorbeeld via een livestream."

Ofstân hâlde

De organisaasje fan de demonstraasje nimt ekstra maatregels om foar te kommen dat minsken te ticht bymekoar komme. Sa moatte se bygelyks hast twa meter ôfstân hâlde. "We hanteren een afstand van 1.95 meter, want de ervaring is dat mensen gaan zitten en dan komen ze dichterbij elkaar." De organisaasje set ek frijwilligers yn om de regels te hanthavenjen.

Jan Gaastra

(advertinsje)
(advertinsje)