Kollum: "De KLM bestjoert it kabinet"

13 jun 2020 - 08:36

"Lit ik mar mei de doar yn hûs falle: we wurde besoademitere troch de KLM en al syn kollegamaatskippijen. Neffens de almachtige lobby foar de fleanyndustry is it totaal net gefaarlik om 300 minsken yn in fleantúch te proppen as it om de fersprieding fan it coronafirus giet.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Djoer betelle spesjalisten wolle dat yn de praatprogramma's noch wol even taljochtsje mei fantasyfolle ferhalen oer in wûnderbaarlik filter. Dat soe sa geweldich wêze dat der eins neat mear barre kin. Dat is in leagen. En dy leagen wurdt honorearre troch de regearing ûnder lieding fan it RIVM, o nee, premier Mark Rutte bedoel ik.

Wêrom is dat in leagen? Dat sil ik jim fertelle.

Dizze wike wie der yn it nijs dat der 'ergens yn Sibearië' in slim ûngemak bard wie. Der is in grutte foarried disel yn in rivier telâne kaam. Oarsaak soe, o irony, de opwaarming fan de ierde wêze. De tank dêr't de 20.000 ton brânstof yn opslein siet, is troch ûntteien fan de permafrost fan syn fûnemint skood en der is in skuor yn kaam. It soarget foar in megagrutte plasse disel yn de Ambarnaya-rivier, dy't yn de Pjasinomar streamt.

Sibearië is sa grut en de ynteresse yn it gebiet hjir yn ús lân sa lyts, dat it hast altyd oer 'ergens yn Sibearië' giet. No wit ik tafallich dat it yn dit gefal oer de grutste stêd fan boppe de poalsirkel giet. Norilsk, mei 150.000 ynwenners de lytste helte grutter as Ljouwert. Ik wie der yn 2016 foar research nei iishockeyhallen. De fêste harkers nei it moarnsprogramma sille myn deistige reisferslach fan doe miskien noch wol foar de geast krije kinne. Op dit stuit is in lyts leger fan mear as 700 arbeiders 24 oeren deis dwaande om de miljeuramp te bestriden. Se wurkje fanút tintekampen, midden op de ûnmjitlike Sibearyske flakte. Jim kinne yn myn romans oer dat fassinearjende gebiet lêze.

Norilsk is sa fier fan de bewenne wrâld, dat it fan septimber ôf allinnich mei in fleantúch te berikken is, oant in troch kearnenerzjy oantreaune iisbrekker mids maaie de machtige Jenisej rivier (puzelwurd: Rivier in Rusland?) wer iepenbrekt en befarber makket. Septimber hè, even ûnthâlde. Der rinne gjin diken hinne en der komt ek gjin trein, want it spoar dat Stalin derhinne ha woe, is nea ôfmakke. It is in stêd, ûntstien as goelach en smoarryk wurden troch de nikkelyndustry. Mar belangryk om te witten: alles dat de stêd nedich hat, komt yn de winter troch de loft.

No is der op dit stuit in grutte útbraak fan it coronafirus yn Norilsk. Der lizze in soad pasjinten op de IC yn de trije sikehûzen, in hiele protte minsken sitte yn selsisolaasje. Norilsk leit sa isolearre, dat je it mei in eilân fergelykje kinne. No meie jim my fertelle, hoe komt dat gekke coronafirus dêr? Is der in flearmûs út Wuhan út koers rekke? Gjin oar ferkear as fleantugen fan septimber ôf, witte jim noch? Sille we it bist mar by namme neame? Dat it firus dêr kaam is, komt troch de konstante stream oan fleanbewegings fan en nei Moskou en Kraznojarsk.

It fleantúch is de superfersprieder fan it coronafirus. Mondiaal.

Norilsk hat de lúkse net dat der gjin grûnstoffen oanfierd wurde kinne, want der groeie gjin Borgers en kroppen slaad boppe de poalsirkel, lit stean dat se dêr kij melke. Dus moat der wol flein wurde. Dat bart net mei âlde Toepolevs, mar mei ultramoderne Boeings, ik ha der sels mei reizge. Ik gok dat dêr deselde superfilters yn sitte as yn dy tastellen fan de KLM. Hoe't dan dochs dat firus fan Moskou yn dy útbuorren Norilsk bedarre is? Jo meie it sizze, ik tink dat de KLM en syn betelle praatpoppen in megalaach bûter op de kop ha.

We wurde besoademitere. Reden: it grutte jild. Dus: eins is der neat feroare."

(advertinsje)
(advertinsje)