Sponsoaren bliuwe Fryske earedifyzjonisten nettsjinsteande krisis trou

Fjouwer Fryske earedifyzjeklups binne oer it generaal aardich posityf oer de gefolgen fan de coronakrisis foar harren. Wat opfalt is dat sponsoren hiel trou binne oan Aris, LDODK, VC Snits en de UNIS Flyers, hoewol't guon bedriuwen krekt de grutste klappen hân hawwe.
In oersjoch fan hoe't de fjouwer earedifyzjonisten derfoar steane:
© Omrop Fryslân

Aris

Nederlânske basketbalklups wiene it der nei it útbrekken fan de coronakrisis gau oer iens: se spylje pas wer as der wer publyk by de wedstriden mei. Sûnder supporters dus gjin basketbal. Foar Aris is dat net hiel slim, om't ynkomsten út wedstriden mar sa'n tsien persint fan de begrutting binne. Mar, foar de oare njoggentich persint is de klup ôfhinklik fan sponsoaren.
Hoewol't bedriuwen te lijen hawwe ûnder de hjoeddeistige sitewaasje, is bestjoerslid Sierd Dijkman fan Aris net hiel negatyf. "It tal opsizzings falt echt ta. Mei in grut diel fan ús sponsoaren sitte we no om tafel oer ferlinging." It lestige is dat de klup sels ek noch net wit hoe't it komt. Kinne der bygelyks wer Amerikanen nei Ljouwert komme? En wannear wurdt de bekerfinale tsjin Donar spile?
"We hoopje dizze moanne op dúdlikheid. Want we moatte ek fierder", fertelt Dijkman. Fierder mei de ynfolling foar folgjend seizoen. Bliuwt Ferried Naciri, de Belgyske coach fan de Ljouwerters bygelyks? "Dêrmei binne we yn petear. We wolle mei-inoar fierder, mar troch de finansjele ûnwissens is der noch neat tekene."
© Omrop Fryslân

LDODK

Foarsitter Gouke de Vries is eins wol posityf oer hoe't LDODK út de krisis kaam is. "Wy meie net kleie, nee. Wy hiene wol in buffer en komme it seizoen wol troch." De trainings foar de jeugd binne wer opstart sûnt in pear wiken en ek de senioaren binne wer los, fansels wol rekken hâldend mei de maatregels. "Mar dat we it seizoen net ôfmakke koene, bliuwt skande", seit De Vries.
Dat docht my wol wat
Foarsitter Gouke de Vries fan LDODK, dat noch gjin goed ôfskie nimme koe fan Kroon en Boode
It earste lei op koers foar pleatsing foar de finales en it twadde stie boppe-oan. Wat De Vries sportyf ek stekt, is dat der gjin goed ôfskie west hat fan topspilers Friso Boode en Marjolijn Kroon. Dy soene al ophâlde by de Gordyksters, mar se binne trochdat de kompetysje net ôfmakke is ynienen klear. "Dat docht my wol wat. Mar dêr organisearje we noch wat foar, as ús hal wer folsitte kin mei 1.000 man."
Finansjeel sjoen is de skea ek beheind bleaun foar LDODK. "It effekt by de sponsoaren falt my hiel bot ta. Oars hawwe we yn dizze tiden altyd in groei, mar no is it stabyl bleaun", sa seit de foarsitter, dy't wol nijsgjirrich is nei hokker effekt de krisis hat op de frijwilligers. Trochdat se no sa lang thús sitten hawwe, binne se dêr mooglik oan wend en dêrtroch wit De Vries net oft se noch wol safolle foar harren feriening dwaan wolle. "Dêr bin ik wol benijd nei."
© LDODK.nl

VC Snits

De follybalfroulju fan VC Snits binne tsjinwurdich mar oan it beachvolleyballen yn de stêd, om't se noch net yn de sporthal meie. Op dy wize bliuwe se dochs fit en kinne se mei follybal dwaande bliuwe. Fierder is der benammen noch in hiel soad ûndúdlik, sa fertelt foarsitter Johan de Visser. "Maandag hopen we van de Nevobo (it follybalbûn) richtlijnen krijgen hoe in de zaal te volleyballen."
VC Snits is as earedifyzjeklup belutsen by de petearen mei it follybalbûn. Dy rjochtlinen jilde earst ek allinne foar de teams op it heechste nivo. De Visser hopet dêrnei ek gau op dúdlikheid oer hoe't de rest fan de klup traine kin. Der lizze senario's klear, sadat de Snitser follybalklup saken gau yn gong sette kin, mocht der grien ljocht komme.
In grutte klap kwa sponsoaren hawwe se yn Snits foarearst noch net krigen. "Ik heb nog geen rare berichten gehad, hoewel sponsoren ook wel worden geraakt", sa seit De Visser.
© Martin de Jong

UNIS Flyers

De klup dy't noch it hurdst rekke is, is UNIS Flyers. Trochdat de kompetysje foartidich oan de ein kaam is, misse de Feanster iishockeyers ynkomsten út in tal grutte thúswedstriden. Dat soarget foar in skea fan sa'n 20 oant 40.000 euro, skat foarsitter Henk Hoekstra yn. "En dat is in reedlik finansjeel gat. It is in hiele ûnwisse perioade", fertelt Hoekstra. Gelokkich foar de klup hawwe se trouwe sponsoaren. Hoekstra: "We ha mar ien opsizzing hân, dêr binne we hiel bliid mei. De loyaliteit fan de sponsoren is hartstikke posityf."
Sûnder publyk spylje we net
UNIS Flyers-foarsitter Henk Hoekstra
Wat it foar de Flyers noch mear ûnwis makket, is dat se op 'e nij mei Thialf yn 'e slach moatte oer it hierkontrakt. Dat is mei yngong fan 1 july opsein troch de finansjele swierrichheden fan de iishal. Hoekstra giet derfan út dat dêr nije ôfspraken oer makke wurde, mar dan is it noch mar de fraach wannear't de iishockeyers wer spylje kinne. "Want sûnder publyk spylje we net", sa is Hoekstra dúdlik. It betsjut wol dat de klup no net dwaan kin wat it oars om dizze tiid hinne wol die: seizoenskaarten oan 'e man bringe. "Mar dêr kinne we no ek net mei oan 'e gong."
Wat de seleksje oanbelanget, binne der al wol goede saken dien. Mei de ferlinging fan Juha Kiilholma en Trevor Petersen binne der al twa bûtenlanners fêstlein en dêrnjonken is Mike Robinson, de nûmer twa fan de topskoarerslist fan it ôfrûne seizoen, binnenhelle. Der sit allinnich wol in 'mar' oan it hiele ferhaal, sa jout Hoekstra oan. "Se binne kontraktearre ûnder it foarbehâld dat der spile wurdt kommend seizoen."
© Margo Mulder