ChristenUnie Fryslân kritysk oer mooglik nije treinferfierder tusken Ljouwert-Zwolle

12 jun 2020 - 21:23

ChristenUnie Fryslân is it net iens mei de plannen fan steatssekretaris Van Veldhoven om in oare treinferfierder ride te litten tusken Ljouwert en Zwolle. Op it stuit rydt de NS op dat trajekt, mar de steatssekretaris wol dat dêr romte komt foar konkurrinsje. Steatelid Matthijs de Vries makket him grutte soargen oer de berikberens fan Fryslân en stelt dêrom mûnlinge fragen oan Deputearre Steaten.

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Het is een heel complex traject en met één vervoerder zien wij al dat de dienstverlening soms behoorlijk in de knel komt. Als daar straks twee vervoerders op komen, maken wij ons zorgen over hoe de bereikbaarheid van Fryslân eruit komt te zien", seit De Vries.

No al hiel kompleks

Arriva-direkteur Anne Hettinga sei earder freed al it wol sitten te sjen de konkurrinsje oan te gean mei NS. De Vries: "Meneer Hettinga zegt dat het echt van meerwaarde kan zijn voor Fryslân, maar wij denken dat het nu al heel complex is. Vorig jaar stelden wij vragen om bij evenementen de trein te laten stoppen bij station Thialf en dat was al niet mogelijk, want dan kwam de trein te laat aan in Leeuwarden voor de aansluiting op de busregeling of kwam die voor een open spoorbrug te staan."

Fan mearwearde?

De Vries freget him ôf oft in ekstra ferfierder wol echt fan mearwearde is foar de ynwenners fan Fryslân en hokker maatskiplik belang dy tsjinnet. Dêrom stelt er woansdei fragen oan de deputearre. "Vanuit Fryslân hebben we één goede lijn richting de Randstad. Als we nu nog meer vervoerders op deze lijn krijgen en de bereikbaarheid wordt nog complexer, dan missen wij straks de aansluiting met de Randstad en dat moet nooit de bedoeling zijn."

Steatelid Matthijs de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)