PODCAST SC Hearrenfean 100 jier: "Abe wie better as Cruijff"

12 jun 2020 - 17:57

Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. Abe makke as 15-jierrich jonkje syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean. Yn totaal wurdt Hearrenfean mei tank oan syn fuotbalkwaliteiten njoggen kear kampioen fan de noardlike earste klasse.

Neffens earefoarsitter Riemer van der Velde wie Abe in bettere fuotballer as Johan Cruijff. "Mar as wy yn 'e histoarje sjogge dat docht bliken dat Cruijff Fryske foarâlden hat. Dus wêr ha wy it oer, it is sowieso Fryslân boppe!", laket Van der Velde.

Neffens Johann Mast, auteur fan de biografy oer Abe Lenstra, wie Abe fenomenaal. "Hy koe alles. Hy wie fluch, koe goed koppe en goed sjitte. Hy joech de bal ek faak mei de bûtenkant fan syn linkerskoech. Dat die gjinien yn dy tiid, want neffens de trainers wie dat net goed foar de gewrichten. Mar Abe hie dêr maling oan."

Ald-ploechgenoat oer Abe

Gilles Veenstra wie doelman by Hearrenfean en makke yn de jierren 50 syn debút foar it earste alvetal yn in grôtfol Olympysk Stadion yn Amsterdam. "Ik wie freeslik senuweftich, mar Abe begong dy wedstriid as stopper/spil te spyljen yn stee fan op syn favorite posysje fan linksbinnen. By korners joech hy my dan oanwizings fan 'moatst in bytsje nei links en in bytsje nei rjochts'. Dêr hat hy my ôfgryslik mei holpen."

Foto: Omrop Fryslân

Yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum nimme sportferslachjouwers Arjen de Boer en Roelof de Vries eltse freed in podcast op oer de skiednis fan SC Hearrenfean. Dat dogge se mei nijsgjirrige gasten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)