Undersikers ûntdekke nije midiuwske tekst yn Richthofen-kolleksje

De ûndersikers fan Pastei ha direkt sukses op de earste dei fan it ûndersyk nei de Richthofen-kolleksje. Dat is in samling fan de seldsume teksten út de midsiuwen, topstikken út de Fryske skiednis. Freed is it ûndersyk úteinset en de ûndersikers ha in nij stik tekst fûn yn twa siden dy't oan elkoar lime wiene.
De tekst stiet yn de saneamde Codex Fivelgo. As der ljocht op skynd wurdt, is te sjen dat der in oars ûnsichtbere midsiuwske tekst stiet. "Wat der stiet, dat witte we noch net", seit Anne Popkema. Hy sit mei Herre de Vries en Riemer Janssen yn de ûndersyksgroep. "Dat moatte we noch ûntsiferje. Mar it is wol wis dat it út de midsiuwen komt."
"It is ek noch net wis dat it Aldfrysk is", seit Popkema. Mar wat it ek is, de ûndersikers binne tige wiis mei it earste resultaat. "Der binne mar sechstjin hânskriften yn it âld-Frysk. Hoe minder oft der is, hoe moaier oft it is dat der wat by komt."
Foar it ûntsiferjen ha de ûndersikers spesjaal ark nedich. It folsleine ûndersyk soe klear wêze moatte yn de rin fan 2022. "It binne 'mar' tsien hânskriften dy't we ûndersykje", seit Popkema, "mar elk boek is sa nijsgjirrich en sa yngewikkeld, dat it in soad tiid kostet. It binne echte topstikken."
Yn 2022 is de kolleksje presys hûndert jier yn Fryslân. De provinsje hat de kolleksje yn 1922 kocht fan de famylje fan de Prussyske gelearde Karl von Richthofen (1811-1888).

Jurisprudinsje út de midsiuwen

De tsien rjochtshânskriften yn de Richthofen-kolleksje binne eins in soarte wetboeken dy't yn de rin fan de jierren ûntstien binne foar it Fryske gebiet. It giet om rjochtsteksten: jurisprudinsje út de midsiuwen. De teksten binne foar in part yn it Aldfrysk skreaun. Ien fan de teksten is it Freeska Landriucht út 1484-1486, it âldste printe boek yn it Frysk. Der binne net in soad midsiuwske hânskriften út Fryslân oerbleaun, dêrom sizze de teksten ek in soad oer de Fryske mienskip fan doedestiids.
Fan de tsien hânskriften binne der op dit stuit mar in pear digitalisearre. Foar dit projekt binne alle teksten digitaal beskikber makke. It ûndersyk wurdt dien troch de trije manlju fan Pastei. Dy ûndersyksgroep is yn 2014 oprjochte.