Plysje op syk nei tips oer ferskate brânstichtings yn Harns

12 jun 2020 - 17:34

De plysje Noardwest-Fryslân is op syk nei tips, foto's en filmbylden fan ferskate brannen fan de ôfrûne tiid yn Harns. Dat skriuwt de plysje op syn Facebookside.

Foto: Plysje Noardwest-Fryslân

Yn de perioade fan 12 maaie oant 10 juny wiene der yn Harns ferskate brannen, wêrby't de plysje op dit stuit útgiet fan brânstichting. It giet dêrby om brannen yn persoane-auto's, mar ek om in wente, in bisteferbliuw en in skutting. Opfallend is dat de brannen faak yn de nacht fan moandei op tiisdei tusken 1.00 en 4.00 oere oanstutsen wurde.

De plysje ûndersiket de brannen en is op 'e syk nei tsjûgen dy't wat fertochts sjoen hawwe yn de omjouwing fan de brannen. Ek ropt de plysje minsken dy't bylden hawwe fan de brân of bylden dêr't wat op te sjen is yn relaasje ta de brân, har te melden. Dat kin fia 0900-8844 of fia Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)