FIDEO: Earste sittingsdei saak-Vidar oer ynternasjonale drugshannel
Acht Friezen en in Fin stiene freed foar de rjochter foar harren rol yn ynternasjonale drugshannel, it wytwaskjen fan jild en harren lidmaatskip fan in kriminele organisaasje. Op de pro-formasitting yn Ljouwert is besletten dat se foarearst yn foararrest bliuwe. De Fryske drugsbinde koe oprôle wurde mei help fan in kriminele boargerynfiltrant.
Onno Falkena hat de sitting folge en fertelt deroer: