Marrigt van der Valk: "Fan jongs ôf oan ha ik te krijen hân mei rasisme"

"Wat doe jij hier? Rot op naar je eigen land!" of "Jij hebt geen schmink nodig, je bent al een zwarte piet." It binne twa útspraken dy't Marrigt van der Valk sear dogge, mar dy't wol tsjin har sein binne. Sneon docht se mei oan de demonstraasje yn Ljouwert, want rasisme giet ek har oan.
Marrigt van der Valk docht har ferhaal:
Marrigt van der Valk oer rasisme
Marrigt van der Valk wennet yn Ljouwert, is frijwilliger by Natuurmonumenten en komt oarspronklik út Yndonezië. "Fan jongs ôf oan ha ik te krijen hân mei rasisme. Ik kom fan De Westereen en yn de tiid fan Marianne Vaatstra bin ik echt bespuid en útskolden. Der wie echt in eangst foar donkere minsken. It is no net sa slim as yn dy tiid. Mar der wurde noch genôch dingen tsjin my sein."
Rasisme hjir yn it Noarden is der, seit Marrigt. Mar der is ek in soad ûnwittendheid. "Yn it Noarden binne wy konservativer, dêrom woe ik ek graach nei de stêd doe't ik âlder waard. Doe't ik yn Ljouwert op skoalle kaam, wie ik bliid dat ik by bern mei myn kleur op skoalle kaam. It is muoisumer om mei minsken út Fryslân it hjiroer te ha."
Der wurdt dan gau sein dat ik gjin gefoel foar humor ha, mar it docht my wol sear en ik bin der klear mei.
Marrigt van der Valk
Sels fynt Marrigt de rasisme dy't sy meimakket hiel oars as wat der yn Amearika geande is, mar it docht har wol sear. "Eartiids ha ik sels altyd tocht dat it wol wat tafalt. Wylst ik my der altyd net goed by fielde. No bin ik âlder en doar ik der wat fan te sizzen. Der wurdt dan gau sein dat ik gjin gefoel foar humor ha, mar it docht my wol sear en ik bin der klear mei."

Dochter wurdt ek pest

Dêrom besiket Marrigt har dochter wat oars mei te jaan as it giet om útsprekken. "Myn dochter is heal Yndysk. Dy wurdt der mei pest op skoalle. Eins is it rasisme. Dat is ek in lestige diskusje, mar ik kom wol foar har op. Yn plak fan datst seist datst fuortrinst, wol ik der no wol mear fan sizze. By myn dochter dan ha wy it deroer. Dat dat echt net kin en net mei. Dan mei se fan my sizze dat it har sear docht."
Marrigt van der Valk © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Sa is dat net tsjin Marrigt sein. "Lit se lekker gean, dêr moast boppe stean. Dat waard altyd tsjin my sein. Mar it hat my ûnderhûdsk altyd wat dien."

Stim brûke

Dêrom wol Marrigt har no útsprekke. "Ik ha in stim en dy wol ik brûke. Wy ha altyd wat rasisme yn ús, mar wy bepale sels wat wy dêr mei dogge."
Marrigt van der Valk hie as bern al te krijen mei rasisme