Provinsje en gemeente stelle ûndersyk yn nei sinnepanielen op dak Thialf

Der komt op koarte termyn in ekstern ûndersyk nei de sinnepanielen op it dak fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De oandielhâlders - de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean - ha dat yn oerlis mei Thialf besletten.
© CAMJO media / Jaring Rispens
De sinnepanielen binne op 29 maaie útset, dat wie in eask fan de fersekerders. Thialf skreau doe yn in brief oan de oandielhâlders dat it pân amper te fersekerjen is troch "zeer slechte schadestatistieken van panden met zonnepanelen en de bij Thialf gebruikte materialen van de dakisolatie". Yn gefal fan brân yn de sinnepanielen wolle de fersekerders net útkeare.
Mei it ûndersyk wolle de oandielhâlders gau dúdlikheid krije oer hoe't der, by de oanlis fan de sinnepanielen en dêrnei, hannele is. Dêrnjonken wolle se ûndersykje litte oft it mooglik is om dochs noch sinnepanielen op it dak fan Thialf fersekerje te litten. Der moat ek in advys oer de ferfolchstappen komme.

Gefolgen grut

De provinsje en gemeente sizze dat der op it stuit gjin oanwizingen binne dat der fouten makke binne by de oanlis of dat de feilichheid net wis is. Wol fiele de oandielhâlders harren oerfallen troch it beslút en de taljochting fan de fersekerders.
De gefolgen fan it beslút fan de fersekerders binne grut. Trochtdat it iisstadion no ekstern enerzjy ynkeapje moat, soarget dat foar in skea fan 125.000 euro yn it jier. En in nije fersekering sil ek djoerder wurde.
Twadde Keamerlid Tom van der Lee fan GrienLinks hat al Keamerfragen steld oer de situaasje by Thialf. Neffens him soe minister Wiebes bemiddelje moatte, om de fersekering mooglik te meitsjen. "Hij moet alles op alles zetten om zonnepanelen op daken te bevorderen", seit Van der Lee. "Dit is niet de eerste keer dat er een verzekeringskwestie opspeelt bij zonnepanelen."
Oscar van Elferen, wurdfierder fan it Verbond van Verzekeraars, leit út hoe't it sit mei de sinnepanielen fan Thialf: