Studinten byldzjende keunst misse springplanke nei de takomst

12 jun 2020 - 15:55

Studinten byldzjende keunst fan de nije Keunstakademy Fryslân misse de springplanke nei de takomst, omdat de ôfstudeartentoanstelling net trochgean kin fanwege de coronamaatregels.

It hie it hichtepunt wêze moatten fan fiif jier stúdzje foar de fakoplieding byldzjende keunst. Mar de 29 studinten fan de earste lichting fan de Keunstakademy Fryslân kinne har wurk dus net sjen litte op de ôfstudeartentoanstelling yn it nije gebou fan de Akademy.

En dy is belangryk, seit studint Henk Nijp. "Der komme minsken fan de galery op ôf, fan musea, sjoernalisten, kritisy fan kranten, ensafuorthinne. Dan komme je nei bûten en dat kin no hielendal net."

De studinten fertelle oer harren wurk:

De studinten sykje noch in geskikte lokaasje om coronaproof dochs wat ôfstudearprojekten toane te kinnen. Mar dat is net maklik.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)