Op syk nei histoaryske peareltsjes yn pleatsen en skuorren

12 jun 2020 - 15:39

By it wurd 'blokskuorre' sil net by elkenien in ljochtsje brânen gean, en dat moat oars fynt houtûndersiker Paul Borghaerts. Hy wol besykje alle noch besteande blokskuorren yn Fryslân yn kaart te bringen.

Se sitte gauris goed ferstoppe: de âlde klassike blokskuorren yn Fryslân. Somtiden sels sa goed dat de eigener fan it pân hielendal net yn de gaten hat hokker bysûndere konstruksje hy of sy eins hat.

Paul Borghaerts út Easterein docht ûndersyk nei blokskuorren yn ús provinsje, benammen nei hoe âld oft dy binne. Hy is dendrochronolooch, dat der koart op delkomt dat er hout ûndersiket, jierringen yn it bysûnder.

Earder al hat Borghaerts ûndersyk dien nei buorkerijen yn Fryslân. "Wij moeten ons realiseren dat het erfgoed in een razend tempo verloren gaat", sa leit er sels út. "Het is eigenlijk het vastleggen van kennis, nu het er nog is."

Borghaerts sjocht ek gauris dat eigeners fan bysûndere blokskuorren parten fan it gebou samar fuorthelje of oanpasse, sûnder dêrby rekken te hâlden mei de kultuerhistoaryske wearde. Skande, sa fynt er.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Harkje nei in petear mei Paul Borghaerts

Willie en Lia út Rien hawwe sa'n bysûndere blokskuorre. Dy fan harren komt út begjin 1900, en is eins tafallich ûntdutsen troch Borghaerts. "Wy diene mei oan de keunstrûte, doe't der ynienen in man binnenkaam dy't yn ús skuorre strune woe", fertelt Lia de Boer. Dy man wie Borghaerts.

De beide froulju binne tige wiis mei de histoaryske eftergrûn fan harren skuorre. "Dat it echt autentyk is, dat fielst gewoan!"

Minsken dy't tinke sels ek sa'n bysûndere skuorre te hawwen, of miskien in part dêrfan (al as net yntegrearre yn in oar gebou), wurdt frege om kontakt op te nimmen mei Borghaerts. Sa kin de Fryske kultuerhistoarje sa kompleet mooglik wurde.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar op besite yn in Blokskuorre

(advertinsje)
(advertinsje)