Drachtster (53) dy't agint delstuts, woe selsmoard pleegje

In 53-jierrige ynwenner fan Drachten dy't op 1 maart 2020 yn syn wente oan de Nachtegaalstrjitte in plysje-agint delstuts, wie fan plan himsels tekoart te dwaan. Dat sei syn advokaat freed by in ynliedende sitting yn de Ljouwerter rjochtbank.
© De Vries Media
De man lei mei in mes op de kiel op de bank doe't de plysje binnenkaam, fertelde de advokaat. De aginten wiene ôfkaam op in melding fan húslik geweld. Ien fan harren brûkte fuortendaalks syn pepperspray. De fertochte foel de agint oan mei in mes, dy't dêrtroch ferwûne rekke. In oare agint skeat de man yn syn skonk doe't ek hy oanfallen waard.

Fersyk ta frijlitting ôfwiisd

In fersyk fan de advokaat om de man op frije fuotten te stellen, waard ôfwiisd. De fertochte woe sa gau as mooglik oan it wurk om oan syn finansjele ferplichtings te foldwaan. Syn frou soe de kosten net allinnich drage kinne.
Krekt foar de sitting ûntfong de rjochtbank in brief fan de fertochte syn frou, dêr't sy yn frege om oan har man in kontaktferbod op te lizzen. Dêr wie de fertochte net fan op 'e hichte. De man sei dat hy spyt hat fan wat der bard is.

Undersyk nei plysjegeweld

Neffens syn advokaat kin de Drachtster him neat heuge fan it momint dat der pepperspray tsjin him brûkt waard oant it momint dat hy mei in kûgel yn syn skonk op de grûn lei. De Ryksresjerzje hat ûndersyk dien nei it geweld dat de plysje brûkt hat. Op fersyk fan de ferdigening wurdt dat rapport oan it dossier taheakke.
De beoardieling fan it brûkte plysjegeweld kin fan ynfloed wêze op de úteinlike straf. De rjochtbank hopet de saak ein augustus te behanneljen. Neffens de offisier fan justysje is it de fraach oft dat helle wurdt, om't it psychologysk ûndersyk noch net ôfrûne is.