Fragen oer rasisme? Stjoer se yn en krij antwurd fan saakkundigen

Yn oanrin nei it grutte antyrasismeprotest yn Ljouwert fan moarn, skowe dizze freed twa saakkundigen oan yn Weistra op Wei om fragen te beantwurdzjen oer rasisme: Mirka Antolivic, direkteur fan kennissintrum Tûmba, en Prem Ganpat, dy't grutbrocht is yn Suriname en no al jierren yn Ljouwert wennet, sitte tusken 16.15 en 17.00 oere yn de studio.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Wa't fragen hat, kin berjochten stjoere nei de studio: 06 - 20 499 199. Antolovic en Ganpat sitte fan 16.15 oant 17.00 oere klear om antwurden te jaan op alle fragen. De útstjoering is live te folgjen op Omrop Fryslân radio en telefyzje.

Soad fragen

Tûmba is it Ljouwerter kennissintrum oer rasisme. Minsken kinne melde as se diskriminearre wurde of mei rasisme te krijen ha. By Tûmba krije se de lêste wiken ek hieltyd mear fragen oer rasisme, seit Antolovic. Fan minsken dy't der lêst fan ha, fan minsken dy't der mear oer witte wolle, mar ek fan minsken dy't fan rasisme beskuldige wurde, mar dat sels net begripe.
Prem Ganpat (52) komt út Suriname en wennet al jierren yn Fryslân. Hy is âld-fuotballer en fuotbaltrainer. De lêste jierren wie er aktyf by Ryptsjerk en FVC. Koartlyn wie er by iepenUP Live om te praten oer rasisme yn it fuotbal. Ganpat kin dúdlik fertelle wat it mei je docht as je mei rasisme te krijen ha.
It antyrasismeprotest yn Ljouwert is sneon om 18.00 oere op 'De Bult' yn it Rengerspark. Der wurde mear as tûzen minsken ferwachte.