Freedsmerk: "Ik gean net nei dy demonstraasje, it giet my fierstente mâl yn de wrâld"

12 jun 2020 - 13:53

"Ik gean net nei dy demonstraasje, it giet my fierstente mâl yn de wrâld. No begjinne se ek noch mei dy stânbylden, it liket nergens op." It wie ien fan de reaksjes op de freedsmerk oer de anty-rasismedemonstraasje dy't sneon yn Ljouwert holden wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oaren fertelden krekt wol te gean, om dúdlik te meitsjen dat it sa net langer kin. "Racisme komt meer voor dan we denken", sei in donkere man. Al sei hy derby dat er sels de lêste jierren eins gjin lêst mear ûnderfynt fan rasisme. Ek in oare donkere man fertelde dat er him net eftersteld fielt. "Die demonstratie, dat hoeft niet hoor."

In âld-ûndernimmer erkende dat hy der eartiids wol wat huverich foar wie om in donkere sollisitant oan te nimmen. In frou mei in útsprutsen miening fertelde dat se altyd mei in soad donkere kollega's wurke hat en dat der nea problemen wiene. "Maar nou is de beer los, dat gaat mij te ver."

Mar der wiene ek ferskate praktyske redenen foar freedsmerkbesikers om net te gean. "Ik vind het heel goed, hoor, dat er voor dit doel wordt gedemonstreerd", sei immen. "Maar wij hebben een boot. Wij gaan zeilen!"

Freedsmerk oer rasisme en de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)