Winkels en huzen sûnder stroom troch brân yn elektrakast yn sintrum Ljouwert

Troch in brân yn in elektrisiteitskast by it Saailân yn Ljouwert sitte winkels en huzen yn de binnenstêd op it stuit sûnder stroom. Ek de rjochtbank dêr't freed de pro forma sitting yn in grutte ynternasjonale drugssaak tsjinnet, is troffen troch de stroomsteuring.
Brân yn elektrakast yn sintrum Ljouwert
De brân bruts om healwei ienen út yn in transformatorhúske achter it Beursgebou dêr't Campus Fryslân yn sit. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht is dwaande om it fjoer út te meitsjen mei skom.
De plysje hat de omjouwing ôfset. Der soe gefaar foar ûntploffing wêze.
© ProNews