Bedriuw út Burgum mei park yn Feanwâlden oanlizze

It bedriuw Frisia Bergum krijt de opdracht foar it grienwurk by it park en it transferium yn Feanwâlden. It stasjonsgebiet yn it doarp wurdt oanpakt as ûnderdiel fan it projekt Kansen in Kernen.
Ympresje fan it takomstige park yn Feanwâlden © Karres Brands
By dat projekt wurkje de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel mei de provinsje oan de leefberens yn Damwâld, De Falom, Hurdegaryp, Burgum, Garyp en Feanwâlden. No't de Sintrale As klear is, ride der minder auto's troch de doarpen.
"Troch in diel fan de eardere provinsjale dyk te ferpleatsen, meitsje we romte foar in moai park yn Feanwâlden", seit wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel. "It park leit aanst de ferbining tusken wêr't it iepenbier ferfier by elkoar komt en it doarp sels."