Kick Out Zwarte Piet demonstrearret yn novimber yn Ljouwert

12 jun 2020 - 11:06

Aksjegroep Kick Out Zwarte Piet (KOZP) hat oankundige dat it yn novimber fan dit jier yn ûnder oare Ljouwert demonstrearret by de lokale yntocht fan Sinteklaas. It is ien fan de goed tweintich plakken yn Nederlân dêr't de groep aksje fiert.

Ferline jier waard ek tsjin swarte pyt demonstrearre yn Ljouwert - Foto: ANP

Ljouwert is it iennige plak yn Fryslân wêrfan't de groep oankundige hat dat se demonstrearje wolle. De oare plakken yn Nederlân binne Alkmaar, Arnhem, Breda, Den Bosch, Den Helder, Deventer, Dordrecht, Edam, Enkhuizen, Gouda, Heerhugowaard, Lelystad, Maastricht, Nijmegen, Purmerend, Rijswijk, Volendam, Wageningen, Weert, Weesp en Zaanstad.

Guon gemeenten hâlde op

De aksjegroep demonstrearret yn plakken dy't by de yntocht noch altyd in swarte pyt ha. Yn twa fan boppesteande plakken, Arnhem en Nijmegen, hat de gemeenteried dizze wike sein dat se ophâlde wolle mei swarte piten.

Mei de demonstraasjes hopet de aksjegroep dat it kabinet ek in stânpunt yn de kwestje ynnimt en dêrnei hannelet mei belied.

It is noch net bekend wêr't de lanlike yntocht fan Sinteklaas dit jier is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)