Behanneling fan saak-Vidar oer ynternasjonale drugshannel is pas ein 2021

12 jun 2020 - 10:24

Minister Ferd Grapperhaus fan Justysje en Feilichheid hat tastimming jûn foar de kriminele boargerynfiltrant dy't ynset is by in grut ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel. Yn de saak waarden earder dit jier op santjin plakken ynfallen dien, ûnder oare yn Fryslân. Freed steane acht Friezen en ien Fin foar de rjochter yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It is freed in proforma-sitting. De rezjysitting is yn maart takom jier. Justysje tinkt yn totaal 25 sittingsdagen nedich te hawwen foar de ynhâldlike behanneling, dy soene yn oktober en desimber 2021 wêze moatte. It ûndersyk hat de namme Vidar krigen.

Lid fan ferbeane motorklups

De saak tsjinnet no tsjin acht Fryske en ien Finske fertochte, mar dêr komme mooglik mear fertochten by. Guon fertochten binne lid fan ferbeane motorklups, lykas Hells Angels. Justysje wol ek mear minsken ferfolgje as de njoggen fan freed. Yn totaal binne der 22 fertochten oanholden.

De fertochten wurde fertocht fan wytwaskjen, it besit fan fjoerwapens, harddrugs, ynternasjonale hannel yn harddrugs en/of dielname oan de kriminele organisaasje.

Njonken de ynfallen fan begjin maart yn ûnder oare Westergeast, Ljouwert, Surch en Noardburgum waard ek in grut drugstransport nei Finlân flak foar de Nederlânsk-Dútske grins ûnderskept.

By de ynfallen waard beslach lein op fjouwer fjoerwapens mei byhearrende munysje, boksbûgels en pepperspray. In oantal wapens waard fûn yn in plestik tonne yn 'e grûn.

Ek binne by de trochsikings 16 blokken hasj fûn en goed 300 himpplanten, lytse hoemannichheden speed en gebrûkershoemannichheden kokaïne, ghb en xtc en fersnijïngsmiddels dy't brûkt wurde by de drugsproduksje. Op ien fan de adressen binne de restanten oantroffen fan in ûndergrûnske himpkwekerij.

Dêrneist is beslach lein op in wente mei in woz-wearde fan sa'n 350.000 euro, inkelde djoere horloazjes en trije auto's, wêrûnder in BMW mei in wearde fan 100.000 euro. Op ferskate plakken is foar hast 100.000 euro oan kontant jild oantroffen, meast yn euro's, mar ek yn Noarske en Deenske kroanen.

Justysje hat yn de saak fiif ynfiltranten ynset, ûnder wa twa boargers. Sy ha ûndersyk dien nei de leden, kontakten en aktiviteiten fan de Hells Angels yn Fryslân. Ien fan de ynfiltranten wie in eks-krimineel. It ynsetten fan boargerynfiltranten is tige útsûnderlik yn Nederlân. Dat barde tweintich jier lyn foar it lêst, by de saneamde IRT-affêre.

Foar de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant, dy't de namme A-4110 krigen hat, is tastimming frege en krigen by minister Grapperhaus, seit de offisier fan justysje. Doel wie om de kriminele aktiviteiten fan de Hells Angels yn Harns fêst te stellen en bewize te kinnen.

De identiteit fan de ynfiltrant wurdt ôfskerme om de man te befeiligjen. De ynset wie net sûnder risiko, seit justysje. It ûndersyk yn de saak is noch yn folle gong. Sûnder de ynset fan dy ynfiltrant wie it net slagge om de saak rûn te krijen, seit it Iepenbier Ministearje.

Parse-offisier Gerben Hilbrink

Advokaten kritysk oer oanpak

Advokaten fan de fertochten binne tige kritysk oer de oanpak fan justysje. "Het lijkt er op dat er een netwerk is opgetuigd om verdachten strafbare feiten te laten begaan", seit advokaat Stoeten.

Advokaat Canoy fan in fertochte út Frjentsjer fynt dat in kriminele boargerynfiltrant allinnich ynset wurde kin as it giet om hiele swiere kriminaliteit, lykas bygelyks likwidaasjes of drugstransporten fan tûzenen kilo's. Hy freget him bot ôf oft dizze saak - mei in drugstransport fan sa'n 90 kilo nei Finlân - wol grut genôch is foar de ynset fan sa'n saneamde CBI - kriminele boargerynfiltrant.

Advokaat Bart Canoy

(Advertinsje)
(Advertinsje)