Haadrol foar ynfiltrant A-4110 by it oprôljen fan Fryske drugsbinde

12 jun 2020 - 08:05

Acht Friezen en in Fin moatte freed foarkomme foar harren rol yn ynternasjonale drugshannel, wytwaskjen en it lid wêzen fan in kriminele organisaasje. It giet om in pro-formasitting, wêrby't besjoen wurdt oft alle fertochten fêstsitten bliuwe moatte. In eks-krimineel, ynfiltrant A-4110, hie in haadrol by it oprôljen fan de Fryske drugsbinde.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Om de saak rûn te krijen die de plysje, mei help fan definsjemeiwurkers, begjin maart ynfallen op santjin plakken. Dêr sieten ferskate lokaasjes yn Fryslân by, lykas Westergeast, Ljouwert, Surch en Noardburgum. Ek waard in grut drugstransport nei Finlân flak foar de Nederlânsk-Dútske grins ûnderskept yn Grinslân.

Justysje is al in lang skoft dwaande mei de saak en hat hjirfoar fiif ynfiltranten ynset, ûnder wa twa boargers, om ûndersyk te dwaan nei de leden, kontakten en aktiviteiten fan de Hells Angels yn Fryslân. Ien fan de ynfiltranten wie in eks-krimineel. It ynsetten fan boargerynfiltranten is tige útsûnderlik yn Nederlân. Dat barde tweintich jier lyn foar it lêst, by de saneamde IRT-affêre.

Plysje-ynformant A-4110

De eks-krimineel wurdt plysje-ynformant A-4110 neamd. Syn wiere identiteit wurdt geheim hâlden om him te beskermjen. Hy wie al plysje-ynformant doe't er twa jier lyn yn Ljouwert in kunde tsjin it liif rûn. Dy man siet by motorklup Red Devils en frege oan A-4110 oft er ek meidwaan woe oan wapen- en drugshannel. A-4110 stapte mei dy ynformaasje nei de plysje en dat hat it begjin west fan in lang en tige wiidweidich plysje-ûndersyk.

Under de fertochten sit bygelyks in sakeman út Noardburgum. Hy sit yn de ynternasjonale hannel fan lânbouprodukten en wurdt der no fertocht fan belutsenheid by drugshannel.

Mear fertochten

Der wurdt ferwachte by de pro-formasitting mear details boppe tafel te krijen. Boppedat moat dúdlik wurde wannear't de saak ynhâldlik foarkomme sil en watfoar winsken justysje en de ferdigening hawwe foar it fierdere ûndersyk. Justysje wol ek mear minsken ferfolgje as de njoggen fan freed. Der binne neffens it Iepenbier Ministearje noch minstens alve oare fertochten.

De Ljouwerter rjochtbank hat freed de hiele dei útlutsen foar de pro-formasitting. Foar Omrop Fryslân is ferslachjouwer Onno Falkena derby.

Ferslachjouwer Onno Falkena sjocht foarút op de pro-formasitting

Ferslachjouwer Onno Falkena is yn de rjochtseal en docht ferslach op Twitter:

(advertinsje)
(advertinsje)