Bewenner asylsikerssintrum ferwûne nei sprong yn feart Drachten

In jonge bewenner fan it asylsikerssintrum yn Drachten is tongersdeitejûn ferwûne rekke, nei't hy mei syn klean oan yn de Drachtster Feart sprongen wie.
© De Vries Media
De helptsjinsten dy't oproppen wiene, waarden lestich fallen troch freonen fan de jonge. Der waard dêrom ekstra plysje ynset, dy't de groep op ôfstân hold.
It slachtoffer is foar behanneling nei it sikehûs brocht. It die bliken dat er ûnder ynfloed fan alkohol wie.