Tal see-earnenêsten yn Fryslân ferdûbele: sân jonge see-earnepiken

De see-earnepopulaasje yn Fryslân is dwaande mei in bysûndere maitiid. Seis spantsjes hawwe besocht te nesteljen en dat is dûbeld safolle as ferline jier. Yn fjouwer gefallen is dat slagge. En dat hat sân jonge fûgels opsmiten. Twa yn de Alde Feanen, by Koudum, yn it Lauwersmargebiet en ien op in lokaasje dy't net bekend makke is.
Bylden makke troch Albert Draaijer út Koudum:
See-earn Koudum
De lokaasjes fan de twa mislearre nêsten binne ek bysûnder. Ien span see-earnen yn it Lauwersmargebiet besocht it hiel tichteby it besteande nêst dêr. Yn Súdwest-Fryslân hie in partikulier in briedgefal suver yn de achtertún fan syn fakânsjehúske. Dat mislearre trochdat it nêst by fersin fersteurd waard. De persoan wist net dat sy dêr sieten.
It is de fraach oft dizze groei ek trochsette sil. Neffens Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek en de Werkgroep Zeearend is dat gjin ûnreedlike ferwachting, mar bliuwt dat noch ûnwis: "Je sjogge no al yn Fryslân dat er ek noch op oare plakken spantsjes omhingje dy't bygelyks it oare jier wolris oan'e gong gean kinne mei brieden. It kin wêze dat wy op seis hingjen bliuwe, mar it kin ek sa wêze dat wy der oare jier njoggen of tsien hawwe. Dat soe samar kinne."

Guozzen

It is opfallend dat by de measte briedgefallen twa piken grut brocht wurde, wylst it yn de rest fan Nederlân it meastentiids mar om ien pyk giet. Dêr is neffens Kleefstra wol in ferklearring foar: "Sjoch, wy hawwe fansels in wetterryk gebiet mei in protte fretten. By de fûgels yn it Lauwersmargebiet sjogge wy ek elts jier nei wat sy frette. Dat dogge wy troch op it nêst te sjen hokfoar restanten der lizze. Dan sjochst dat it allegearre karperachtigen binne en in hiel protte wetterfûgels lykas markollen en guozzen."
"Benammen ek dy guozzen, dy binne in wissichheid foar dy see-earnen. Rûnom yn de provinsje hawwe wy no hiel grutte briedpopulaasjes fan skiere guozzen en ek briede der hieltiten mear pauguozzen yn de provinsje. Dat is in soarte fan steapelfiedsel dêr't dy see-earnen fan op oan kinne. Dat is ek wol ien fan de redenen foar harren sukses."
In jonge see-earn yn it Lauwersmargebiet © Willem van Manen, Sovon
De jonge fûgels yn it Lauwersmargebiet wurde al jierren troch Kleefstra en kollega's ringe. Dizze maitiid hat ien fan de fûgels in stjoerderke krigen. Trochdat ringjen is fan de measte jonge fûgels dúdlik wêr't se bedarre binne: "It earste pykje dy't wy dêr ringe hawwe, hat him as earste fêstige yn Grinslân. It earste span fan Noard-Hollân kaam fan de Lauwersmar en it earste span fan Seelân kaam ek út de Lauwersmar."
It sukses fan dizze fûgels yn Nederlân is ek benammen in Dútsk sukses, want dêr kamen de earste Fryske fûgels wei. De populaasje yn Nederlân kin him no hielendal sels rêde.

Wynmûnen

See-earnen fan in stjoerderke foarsjen is hiel wichtich. Ferline jier is it yn fjouwer gefallen dien en dit jier yn sân. Je kinne dêrmei hiel krekt sjen wat sy dogge en dat kin fan grut belang wêze by de enerzjytransysje dêr't wy no yn sitte.
Yn Dútslân komme de measte see-earnen om it libben troch wynmûnen en mei sa'n stjoerder kinne je ek sjen hoe't sy op sa'n objekt reagearje. Yn Nederlân komme der hieltiten mear wynmûnen by, bygelyks yn de Iselmar.
© Willem van Manen, Sovon
Fûgelûndersiker Romke Kleefstra