Dokkumer supermerk ynstallearret 'digitale klanteteller' om winkel feilich te hâlden

Supermerk Jumbo yn Dokkum hat in nij ynstrumint yn gebrûk om de winkel coronaproof te hâlden: 'in digitale klanteteller'. It skerm fan de klanteteller stiet by de yngong en is grien as der noch klanten yn meie en read as de winkel 'fol' is.
It skerm fan de klanteteller by de yngong fan de supermerk yn Dokkum © Omrop Fryslân
Guon supermerken binne de coronaregels oan it ôfskalen en litte it bygelyks oan de klanten oer om de winkelkarkes te himmeljen. Mar dat jildt net foar de Jumbo yn Dokkum. Foar de winkel wurde alle karkes himmele troch in meiwurker.

3D-sensor

Foar ûndernimmer Titus Vogt is de klanteteller is moai helpmiddel yn it stribjen om de supermerk sa effisjint en feilich mooglik te hâlden. It apparaat wurket mei in fertikale 3D-sensor, dy't telt hoefolle minsken oft der yn- en útgean. Dy gegevens wurde fuortendaliks toand op it grutte skerm by de yngong.
Undernimmer Titus Vogt wol foarearst neat witte fan it ôfskalen fan de coronamaatregels. "Ik vind dat te vroeg. Als ondernemer ben je verantwoordelijk voor je werknemers, maar ook voor je klanten. En ik merk dat die het op prijs stellen."

Kassa by

De klanteteller hat boppedat mear foardielen. Foar in winkelman is it altyd handich om te witten hoefolle minsken oft yn de saak binne, sadat je ekstra besetting nei de kassa stjoere kinne as dat nedich is. "Het gaat erom dat de mensen niet langer hoeven te wachten als nodig en ook afstand kunnen houden."
Dat lêste is en bliuwt in útdaging yn in supermerk mei lange gongpaden. In soad meiwurkers hawwe dêrom mouleaze jakjes oan mei de tekst dat se graach helpe wolle op oardel meter ôfstân.

Thús sjen hoe drok oft it is

Meikoarten kinne klanten fan de supermerk thús op de sosjale media sjen hoe drok oft it yn 'e winkel is, sadat se derfoar kieze kinne om wat letter te gean. It sprieden fan klanten oer de dei is in mienskiplik belang, sa seit Vogt, seker yn tiden fan corona.
Alle winkelkarkes wurde bûtendoar himmele © Omrop Fryslân