Ambassadeur Lida Dykstra bringt berneboeken by alle basisskoallen yn Opsterlân

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra hat oan alle 22 basisskoallen yn Opsterlân in lêskoffer jûn. Dêr sitte tsien berneboeken yn dy't de ambassadeur sels útkiest. Dykstra is de earste berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.
De lêskoffer © Berneboekeambassadeur.frl
It doel fan de berneboeke-ambassadeur is om lês- en boekewille te fersprieden. Dêrby wurde Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk brocht. "Gjin skoalle hjir yn Opsterlân wurdt oerslein", seit Dykstra.

Hoopje op mear belangstelling

"Se krije allegear in kolleksje moaie Fryske berneboeken en in soad ideeën hoe't jo dêr mei wurkje kinne oanrikt. Ik hoopje eins dat mear gemeenten yn Fryslân dit foarbyld folgje." By alle boeken binne lesbrieven skreaun mei ferwurkingsopdrachten. Dy kinne skoallen fergees brûke.
Dat alle basisskoallen yn Opsterlân de lêskoffer krije, is in inisjatyf fan de wurkgroep Schrijvers In School út namme fan de VCSO- en Comprix-skoallen yn de gemeente.
Theo Schlepers is kultuercoach fan de gemeente. "Lida komt op het juiste moment, na corona, als ambassadeur het onderwijs verrassen met een Friese impuls tijdens een uitgebreide kinderboekenperiode."