Skiermûntseach wol doarpshûs en biblioteek mear mei-inoar yntegrearje

It doarpshûs en de biblioteek fan Skiermûntseach moatte ferbettere en better tagonklik wurde. Dat wolle boargemaster en wethâlders en se hawwe dêr konkrete plannen foar. It plan komt op 16 juny yn de ried.
It doarpshûs fan Skiermûntseach © Google Streetview
Doel is om de biblioteek en it doarpshûs mear gear te foegjen. Dêrfoar moatte tuskendoarren ferdwine. Dan kinne besikers nei de biblioteek as it doarpshûs iepen is. De biblioteek Noardeast-Fryslân dêr't Skier ûnder falt, wurket op mear plakken op dy manier.
Mei de ferbouwing moat der ek foarsjennings komme foar minderfaliden, lykas in minderfalidehúske en in lift.
De biblioteek en it doarpshûs betelje mei oan de ferbouwing. Der is ek subsydzje oanfrege by de provinsje.