Stoptrein Ljouwert-Zwolle mooglik nei oare ferfierder; Arriva stiet te springen

11 jun 2020 - 22:17

Der komt mei yngong fan 2025 mooglik in oare treinferfierder te riden tusken Ljouwert en Zwolle. Op it stuit ride de treinen fan de NS tusken beide stêden, mar steatssekretaris Stientje van Veldhoven wol dat op dat trajekt romte komt foar konkurrinsje. Ferfierder Arriva sjocht dat wol sitten. "Hjir lobbye we al hiel lang foar", seit direkteur Anne Hettinga.

It treinstasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Ynset fan it Ryk is om de sprinterstsjinst tusken Zwolle en Ljouwert fan 2025 ôf te desintralisearjen. Dat betsjut dat oare bedriuwen as de NS har oanmelde kinne foar de konsesje om it ferfier op dat trajekt te fersoargjen.

Goed oanslute op bustsjinsten

As Arriva de konsesje tawiisd krijt, dan ride der wat Hettinga oanbelanget faker sprinters tusken Ljouwert en Zwolle. "Mei boppedat moai nij materiaal. En we tinke dat der dan ek mear reizgers komme, hielendal as we soargje foar goede oanslutingen op de bustsjinsten, dy't wy ek beheare."

Hettinga tinkt dat in bedriuw as Arriva de tsjinst tusken Ljouwert en Zwolle better dwaan kin as de NS. "Wy binne slachfeardiger en we ha better sicht op wat hjir spilet. We moatte soargje foar betrouberheid, in hegere frekwinsje en komfort."

Mei lege kosten, hege kwaliteit en rappe ferbiningen hoopje we dat minsken earder foar de trein kieze.

Arriva-direkteur Anne Hettinga

"Mei Fryske nochterheid binne we al hiel fier kaam", seit Hettinga. "Yn de ôfrûne tsien jier binne we fjouwer kear sa grut wurden. En fierdere groei is ek mooglik. Der is in grut ferlet fan mobiliteit. Dat kinne je mei de auto ynfolje, mar ek oars. Mei lege kosten, hege kwaliteit en rappe ferbiningen hoopje we dat minsken earder foar de trein kieze."

Wannear't it beslút falt oer de konsesje is noch net dúdlik, mar neffens Hettinga hoecht dat net hiel lang te duorjen. De Keamer moat earst wol bepale oft de NS ek wer op de konsesje skriuwe mei of net.

Arriva-direkteur Anne Hettinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)