Ynbrekker naam hotelkeamer yn Ljouwert: seis jier sel easke

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei seis jier selstraf easke tsjin in man út Ede dy't fertocht wurdt fan njoggentjin ynbraken yn Fryslân en Drinte. Yn alve gefallen slagge de man yn syn opset en koe er guod bútmeitsje.
© Pixabay
De man soe ferline jier taslein hawwe tusken 22 oktober en 19 novimber. Yn Fryslân soe er ynbrutsen hawwe yn wenten yn Nijehoarne, Aldhoarne, Aldeberkeap, Wolvegea, Grou en Oranjewâld. Hy stiel altyd sieraden en jild, meastentiids by âldere minsken. Syn âldste slachtoffer wie in frou fan 96 jier. Yn Grou naam er in bedrach fan 18.000 euro mei.
De man soe op 9 novimber doe't er ynbruts yn Grou en Oranjewâld in hotelkeamer boekt hawwe yn Ljouwert. Hy waard yn Grou oanhâlden, trochdat it sinjaal fan syn telefoan útpeild wie. Nei fiif moanne foararrest kaam er frij, mar hy koe it rjochte paad net hâlde en sit alwer fêst foar wer in oare saak. De eask fan it Iepenbier Ministerje is seis jier.