Pieter Stuyvesant: goed of fout?

As jo bylden ferniele, ferniele je in part fan de skiednis. Histoarikus Karst Berkenbosch is poer tsjin op wat der no bart yn Amearika en Europa. Hy fertelt syn ferhaal by it byld fan koloniaal bestjoerder Pieter Stuyvesant yn Wolvegea.
Pieter Stuyvesant, goed of fout?
Fan grutte hichte ôf sjocht Stuyvesant in bytsje grimmitich op Karst Berkenbosch del. Dy sjocht mei mylde blik omheech. Nei it byld fan Pieter Poot. Want sa waard de Fryske koloniale bestjoerder ek wol neamd. Hy ferlear syn poat yn 'e striid tsjin de Spanjerts. Stuyvesant waard benammen bekend as oprjochter fan Nieuw Amsterdam. Dat er letter yn 1664 oerdie oan de Ingelsen en sa is Pieter Stuyvesant dus ek mei oprjochter fan New York. Berkenbosch is der bêst in bytsje grutsk op.
© Omrop Fryslân
Mar der sit ek seker in oare kant oan dizze Fries. De Nederlanners dy't doe yn it tsjintwurdige New York ferbleaunen, libben derop los. Dat botst mei de kalvinistyske prinsipes fan Stuvyesant. Hy griep mei hurde hân yn. Sa hurd, dat in hege gesant oerkaam nei Nederlân om syn beklach te dwaan oer it hurde optreden fan de Fries.
Dat feroare doe't de kolonisten oant twa kear ta oanfallen waarden troch de Yndianen. Stuyvesant batste der by harren ek yn. En hy ferkocht tolve Yndianen as slaaf nei Kurasao.
Ek stiet er bekend as anty-semitysk. Mar ek dat moatte jo yn de kontekst fan de tiid sjen. Want ek de rest fan Nederlân hie yn dy tiid net in soad op mei de Joaden, seit Berkenbosch dy't skiednis studearre hat. Hy fynt dat Pieter Poot hoe dan ek by de skiednis heart, ek mei "de minder fraaie kanten". As jo it byld fuorthelje, kinst dat ferhaal ek net mear fertelle.

Unbegryp

Berkenbosch kin gjin begryp opbringe foar de byldestoarm dy't no geande is. Wol foar de hiele beweging Black Lives Matter. Mar it fernielen fan bylden, it plonderjen fan winkels, liedt allinnich mar ôf fan de saak dêr't it om giet; de striid tsjin rasisme.
Soe dat punt miskien oangrypt wurde kinne om oars om te gean mei dizze byldbepalende figureren mei al harren kanten? Nee, fynt Berkenbosch. Krekt trochdat dizze bylden der binne, kinne jo it komplete ferhaal fertelle. En geweld heart no ien kear by de skiednis.
Besjoch hjirûnder it folsleine petear mei Karst Berkenbosch
Pieter Stuyvesant, goed of fout?