Booy wiist oanbieding FC Twente ôf en bliuwt by Cambuur

Foeke Booy hat in oanbieding fan FC Twente njonken him dellein. De technysk manager fan SC Cambuur is troch de earedifyzjonist benadere om dêr direkteur fuotbalsaken te wurden. Mar dat sjocht er dus net sitten.
Foeke Booy © www.orange-pictures.nl
FC Twente wie nei it fuortgean fan Ted van Leeuwen op syk nei in nije technysk direkteur en yn dy syktocht kamen de Enschedeërs dus by Booy út. Mar dy wol syn kontrakt yn Ljouwert, dat noch in jier trochrint, net ferbrekke. Hy wol mei Cambuur promovearje nei de earedifyzje, hielendal no't dat dit jier net trochgong.
Uteinlik is Twente foar de technyske beliedsbepaler útkaam by Jan Streuer.

Mühren en Stevens

Der binne op koarte termyn ek noch inkele wichtige saken dy't Booy oplosse moat by Cambuur. Sa is er yn petear mei Zulte-Waregem oer in transfer fan Robert Mühren en moat er mei de saakwaarnimmer fan Sonny Stevens yn petear om it kontrakt fan de keeper te ferlingjen.