Skiermûntseach betinkt 75 jier befrijing fan Dútske besetter

11 jun 2020 - 18:01

Op Skiermûntseach is tongersdeitemiddei de offisjele betinking fan de befrijing ôfrûn. It waadeilân waard as lêste part fan Nederlân befrijd, tongersdei eksakt 75 jier lyn. Fanwegen de coronakrisis koe der fansels gjin grut befrijingsfeest plak fine, mar mei in alternatyf programma waard dochs op passende wize de befrijing fan Skier betocht.

Sa wie der tusken 15.30 oere en 17.00 oere in spesjale útstjoering fan Omrop Fryslân oer de befrijing fan Skiermûntseach. Tsjûgen fertelden dêryn harren ferhaal, der wiene bylden út it ferline te sjen en der wie live muzyk fan Jan Tekstra. Hy skreau spesjaal foar dizze gelegenheid it nûmer 'Soe ik ea ferjitte'.

Earepinning fersetsfrou

Ien fan de gasten wie de eardere fersetsfrou Joke Folmer. Sy krige út hannen fan boargemaster Ineke van Gent de earepinning fan Skiermûntseach, foar alles wat sy foar it eilân betsjut hat. Sy soarge ûnder oare foar de ynfolling fan de jierliks betinking op 4 maaie.

Under mear kommissaris fan de Kening Arno Brok, boargemaster Ineke van Gent en minister fan Defensje Ank Bijleveld wiene tongersdei by de betinking oanwêzich. Neffens minister Bijleveld wie it tige wichtich dat der nettsjinsteande de coronakrisis tongersdei dochs wiidweidich stilstien waard by de befrijing.

"Het is de laatste bevrijde plek van Nederland. Ondanks de coronacrisis kunnen we er toch nog even aandacht aan besteden. Dat is fijn, omdat er ook in Fryslân zoveel activiteiten niet zijn doorgegaan", neffens de minister.

Minister fan Definsje Ank Bijleveld op de boat - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De oarloch op Skiermûntseach ferrûn folslein oars as op 'e wâl. De befolking fan Skier moast nei 5 maaie 1945 noch seis wiken wachtsje op syn befrijing. Dat kaam omdat 120 bewapene Dútske en Nederlânske leden fan de SS en de SD noch op it eilân sieten. Se hiene trije pleatsen oan de Koaiwei yn beslach nommen.

Se ferburgen harren dêr yn 'e einekoai, yn 'e hoop letter nei Dútslân ûntsnappe te kinnen. Mei in plan fan fersetsman Herman Kloppenborg slagge it om de groep sûnder geweld fan it eilân te krijen. Se waarden op 'e boat rjochting Zoutkamp setten, en dêrwei nei de finzenis yn Grins brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)