Ien pasjint mei coronabesmetting op yntensive care yn Fryslân

Der leit op dit stuit ien pasjint mei it coronafirus op de intensive care yn ien fan de Fryske sikehuzen. Op in oare ferpleechôfdielingen leit ien oare pasjint by wa't mei in test fêststeld is dat dy it coronafirus hat.
© Shutterstock
De sifers wurde byhâlden troch it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland. Dat meldt dat der yn sikehuzen yn Grinslân en Drinte op dit stuit hielendal gjin coronapasjinten mear lizze.