Rjochtbank: 'haadfertochte' saak Roan Brilstra hannele út needwar

De 16-jierrige jonge út De Gordyk, dy't ferline jier desimber Roan Brilstra yn Drachten delstuts, hat neffens de rjochtbank yn Ljouwert út needwar hannele. De wize wêrop't de fertochte himsels ferdigene hat, is neffens de rjochtbank lykwols bûtenproporsjoneel.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De rjochtbank kaam tongersdeitemiddei mei it tuskenfûnis. De rjochtbank hat de saak noch net folslein behannelje kinnen, om't in rapport fan de Kinderbescherming oer in eventueel opnameplak foar de jonge noch net klear is.

Straf oare fertochte

Tongersdei waard bekend dat de oare fertochte, in jonge fan 14, hûndert dagen jeugddetinsje krigen hat. Fan de selstraf binne 45 dagen ûnder betingst. De straf is flink leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje.
De rjochtbank nimt it de Drachtster kwea ôf dat hy it mes meinommen hat wêrmei't de fertochte om it libben brocht is. Troch it wapen mei te nimmen, hat hy der neffens de rjochtbank foar soarge dat de oare fertochte it brûke koe, mei deadlike gefolgen. De rjochtbank spruts syn soargen út oer hoe licht oft jongerein tinkt oer it by harren hawwen fan in mes.
De Drachtster komt ûnder tafersjoch fan de jeugdreklassearring. Hy mei ek gjin gebrûk meitsje fan sosjale media. De rjochtbank bepaalde dat de heit en mem fan Roan Brilstra rjocht hawwe op skeafergoedingen fan 20.000 en 30.000 euro.

Ferfolch

De saak tsjin de fertochte fan De Gordyk sil op 24 juny fierdergean.