Gemeente Ljouwert giet sûnder stipe fan it Ryk in dreech jier temjitte

De gemeente Ljouwert koerst ôf op in grut tekoart dit jier as de ferliezen dy't makke binne net kompensearre wurde troch it Ryk. Oant no ta binne dy tasizzings der wol. En dat stelt de gemeente foarearst gerêst.
Gemeente Ljouwert giet dreech jier temjitte
Wethâlder en loko-boargemaster Sjoerd Feitsma presintearre tongersdeitemiddei de jiersifers fan 2019. Sûnder kompensaasje fan it Ryk stiet Ljouwert dit jier oant no ta al op in ferlies fan 5 miljoen euro. Dat ferlies komt bygelyks út ôffallende ynkomsten út belestings, parkearjilden, parkearboetes en sportaktiviteiten. As it goed giet, wurdt dit tekoart oanfolle troch it Ryk. Mar dat jild is noch net binnen. Boargemaster en wethâlders hâlde de gemeenteried geregeld op 'e hichte fan de ûntjouwings dit jier.

Pineholledossier

Ljouwert koe 2019 ôfslute mei in posityf resultaat fan 8.4 miljoen euro. Dat liket moai. Mar it jild komt út ynsidintele ynkomsten en is net struktureel. Njonken de coronakrisis bliuwt it sosjaal domein mei de jeugdsoarch en de Wet Maatschappelijke Ondersteuning, WMO, (bygelyks foar help oan hûs) in pineholledossier.

Jild moat struktureel wurde

Ljouwert kampt noch altyd mei tekoarten. It Ryk hat foar de jeugdsoarch wol in tydlik bedrach fan 2,7 miljoen euro beskikber steld. Mar as dat jild net struktureel wurdt, moat der besunige wurde, seit Feitsma. Hy hopet dat dat net nedich is.
It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ljouwert hat dit jier al sa'n 30 miljoen euro ekstra liend by de Bank Nederlandse Gemeente om de rinnende kosten te beteljen en om de ôffallende ynkomsten te kompensearjen. Feitsma omskriuwt dat as in oerbrêgingskredyt yn ôfwachting fan it ekstra jild fan it Ryk.