Protest tsjin rasisme sneon yn Rengerspark, organisaasje ferwachtet 1.400 minsken

11 jun 2020 - 22:16

It antyrasismeprotest yn Ljouwert is kommende sneon op 'De Bult' yn it Rengerspark. De gemeente ferwachtet dat der tusken de 1.000 en 1.500 minsken by it protest binne, de organisaasje tinkt oan sa'n 1.400.

Foto: ANP

It earste plan wie om it protest op it Aldehoustertsjerkhôf te hâlden, mar dêr kinne mar 750 minsken teplak, as der rekken holden wurdt mei coronamaatregels. "Dat is te weinig", seit Fabiola Sensi fan de organisaasje. "Je wilt niet dat je mensen moet weigeren omdat het te druk is."

Belangstelling dreech om yn te skatten

Yn it Rengerspark kinne mear minsken teplak, sa'n 1.500. Op Facebook ha op it stuit goed 600 minsken oanjûn dat se derby binne. Sensi fynt it dreech om yn te skatten hoefolle minsken oft der krekt komme. "Buiten Facebook om zullen er ook mensen zijn die willen komen. We rekenen op zo'n 1.400, maar het kunnen ook meer worden."

It leafst hie de organisaasje in plak yn it sintrum fan Ljouwert hân, mar nei oanpassings is Sensi tefreden mei it plak yn it Rengerspark. "We willen dat het voor iedereen goed bereikbaar is, ook voor mensen die bijvoorbeeld minder goed ter been zijn." Dêroer hat de organisaasje ôfspraken makke mei de gemeente.

Lokale sprekkers

Sensi wol net al te folle kwyt oer it programma. "We kunnen wel melden dat er vooral lokale sprekers aan bod komen. Die houden toespraken, doen spoken word-optredens, delen eigen ervaringen." It protest duorret fan 18.00 oant 19.30 oere, mar der is romte foar útrin nei 20.00 oere.

Maatregels tsjin corona

Yn it park komme markearrings, sadat minsken oardel meter ôfstân hâlde kinne. By elke markearring mei ien persoan of ien stel stean. De organisaasje freget ek elkenien om in mûlkapke op te dwaan en elkoar sa min mooglik oan te reitsjen.

Ferspraat oer it terrein komme minsken yn oranje heskes. Sy moatte soargje foar in goed ferrin fan de gearkomste. De organisaasje ropt minsken op om buorden, spandoeken en oare kreative uteringen mei te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)