Slieker komt mei spesjaal filmprogramma oer swarte boargerrjochten

11 jun 2020 - 15:03

It filmhûs Slieker yn Ljouwert komt takom wike mei in filmprogramma op it mêd fan Black Lives Matter. Slieker toant trije films oer hoe't swarte boargerrjochten ûnder druk steane en hoe't dêrop reagearre wurdt. Spesjale gast is Harcourt Klinefelter, dy't PR-meiwurker wie fan Martin Luther King Jr.

Foto: ANP

Klinefelter, dy't yntusken mear as 45 jier yn Nederlân wennet, wie as PR-meiwurker nau belutsen by de marsen fan Selma nei Montgomery yn 1965. Hy wie parsefoarljochter en skreau mei oan de taspraken fan Martin Luther King.

Yn Ljouwert hâldt Klinefelter in ynlieding by de film Selma. Hy sjocht werom op de marsen en leit in relaasje mei de protesten dy't op dit stuit oer de hiele wrâld holden wurde. Nei Selma praat Klinefelter mei minsken yn de seal.

Protestmarsen tsjin rasseskieding

Selma is in dramafilm en giet oer de opkomst fan Martin Luther King yn de polityk en oer syn protestmarsen tsjin de rasseskieding yn Amearika. Dêrnjonken wurde ek What you gonna do when the world's on fire? en Do the right thing fertoand.

De films binne te sjen oant en mei 17 juny. De fertoaning fan Selma mei Klinefelter as gast is op snein 21 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)