Hûndert dagen sel foar jonge (14) belutsen by deastekken Roan Brilstra

De 14-jierrige jonge dy't belutsen wie by it deastekken fan de 16-jierrige Roan Brilstra yn Drachten kriget hûndert dagen jeugddetinsje. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdeitemiddei bekend makke. De straf is flink leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje. De oare fertochte, dy't Brilstra mei in mes deastuts, heart syn straf pas letter.
© ProNews
Fan de selstraf binne 45 dagen ûnder betingst. Tsjin de 14-jierrige jonge wie troch it IM 255 dagen jeugddetinsje easke, werfan 200 dagen ûnder betingst mei fermindering fan it foararrest.

Twadde fertochte

De saak tsjin de twadde fertochte, dy't Roan Brilstra delstuts, giet op 24 juny wer fierder.